Wolkom op de thússide fan de KFFB yn likwidaasje
Aktueel
Op 29 maart 2025 hat de lêste ledegearkomste fan de KFFB west. Hjir is besletten ta ûntbining fan de feriening KFFB. Spitigernôch wie it oantal leden te leech en wiene de kosten te heech om troch te gean mei nije útjeften. De KFFB is fanôf 29 maart 2025 yn likwidaasje.
Wat die de KFFB?
De KFFB, de Kristlik Fryske Folksbibleteek wie de iennichste Fryske boekeklub, oprjochte op 29 desimber 1934 en ûntbûn op 29 maart 2025.
It doel fan de feriening wie it fuortsterkjen fan it lêzen fan lektuer yn 'e Fryske taal.